Ofskie brânwachtman mei burd

15 des 2008 - 21:24

Brânwachtman Geert de Leeuw út Drylts hat moandeitejûn in keninklike ûnderskieding krigen. Ut hannen fan boargemaster Reitsma fan Wymbritseradiel waard De Leeuw Lid in de Orde van Oranje Nassau. Hy hat mear as 30 jier lid west fan de brânwacht yn Wymbrits.

Bysûnder oan Geert de Leeuw wie dat hy as ien fan lêste brânwachtminsken yn Nederlân in burd droech. Dat is net mear tastien yn it fak fan brânwachtman.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)