Gjin bom fûn yn Rabobank

15 des 2008 - 21:01

Tsientallen winkels yn Wolvegea moasten moandeimiddei 3 oeren lang twongen har doarren op slot dwaan, yn ferbân mei in bommelding by de Rabobank. In flink diel fan it sintrum wie ôfsletten. Pas om healwei sânen waard alles wer frijjûn.

By it gemeentehûs wie om in oere as trije in telefoanyske bommelding dien. De plysje skeakele bomeksperts en sels in spesjale hûn yn om de bom te sykjen yn de bank en yn de fideoteek dêrnjonken, mar der waard neat fûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)