Lintsje foar Lieuwe Schuurmans

© Omrop Fryslân
Lieuwe Schuurmans út Grou hat moandeitemiddei in keninklike ûnderskieding krigen as Lid in de Orde van Oranje-Nassau. Schuurmans wie mar leafst 40 jier bestjoerslid fan de 'IJsclub Grouw' en in echte 'man fan it iis'. Mei troch syn ynset kaam der in nije iisbaan yn Grou.
Lieuwe Schuurmans hie ek in wichtige bydrage yn de realisaasje fan in sportkompleks yn Grou yn 1995. Dizze wie bedoeld foar de keatsferiening, de iisclub en de atletykferiening.