Boek Fryslannen foar Jorritsma

15 des 2008 - 15:25

Kommissaris fan 'e Keninginne John Jorritsma krige moandei it earste eksimplaar fan it boek De Fryslannen. It boek De Fryslannen giet oer de skiednis fan Fryslân en Ostfriesland en Noardfryslân yn Dútslân.

It boek ferskynde twa jier lyn al yn it Dútsk yn Dútslân en is dêr goed ferkocht. It boek is no yn it Frysk útbrocht troch de Afûk yn gearwurking mei de Fryske Rie. Jorritsma neamde it boek 'zeer interessant' en 'een standaardwerk'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)