Rûnwei Heech tydlik ôfsletten

15 des 2008 - 13:20

De rûnwei fan Heech is foar ûnbepaalde tiid ôfsletten omdat der technyske problemen binne mei de brêge yn de rûnwei. Der is ek gjin ferkear mooglik ûnder en troch de brêge.

As gefolch fan de ôfsluting fan de rûnwei wurdt it ienrjochtingsferkear yn it sintrum fan Heech oer De Syl en de Harinxmastrjitte tydlik opheft. Frachtferkear wurdt omlaat fia Aldegea. It is noch net dúdlik wannear't de technyske problemen oan de brêge oplost binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)