Drege tiden Zienn ferwachte

15 des 2008 - 11:35

Help- en opfangorganisaasje Zienn ferwachtet drege tiden. Troch de kredytkrisis sille mear minsken in berop op help dwaan. Dêr komt by dat it regear foar mear as ien miljard euro besunigje wol op de AWBZ. Dat betsjut dat der minder jild komt foar de soarch en opfang fan bygelyks dak- en thúsleazen.

Zienn ferwachtet langere wachtlisten en as de AWBZ besuniging echt troch de Twadde Keamer komt mooglik ynkrimping fan it personielsbestân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)