Wiebren Veenstra wurdt trainer

15 des 2008 - 11:23

Wiebren Veenstra, de âld beropshurdfytser, komt werom yn 'e hurdfytserij. Veenstra wurdt trainer en ploechlieder by de feriening Woonexpo Kapenga Drachten. Hy hat in kontrakt foar ien jier tekene, mei in opsje foar noch twa jier.

Wiebren Veenstra, no 42 jier, ried foar ferskillende profploegen en stie benammen bekend om syn einsprint. Yn 1996 sette hy de fyts yn it hok.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)