Oanhâldings foar fernielings
Twa manlju út Ljouwert binne sneintejûn by in sealesintrum yn 'e stêd oanhâlden foar fernielings.
Bewakers fan it sealesintrum oan de Breestrjitte seagen dat de manlju fan 21 en 42 jier de sketten by de húskes fernielden. Se hâlden de Ljouwerters oan en bellen fuortendaliks de plysje. Dy hat de twa meinommen nei it plysjeburo.