Plysje achterfolget ynbrekkers

14 des 2008 - 16:54

De plysje hat yn de nacht nei snein in auto mei fertochten fan in ynbraak achterfolge, wêrby der ien plysje-auto oanriden waard. In tsjûge seach inkelde minsken om in bedriuw oan de Alde Mar yn Dronryp omhingjen en warskôge de plysje.

In meiwurker fan it bedriuw seach noch twa manlju fuortdraven en koe de plysje it kenteken fan de flechtauto trochjaan. De plysje sette de achterfolging yn. De ynbrekkers wisten lykwols te ûntkommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)