Elma de Vries diskwalifisearre

14 des 2008 - 16:12
  • Elma de Vries (argyffoto fan Martin de Jong)

By de sânde maraton om de Essent Cup sneontejûn yn Amsterdam kaam Elma de Vries fan Meppel, earder De Haule, as earste oer de streek. Mar De Vries waard diskwalfisearre omdat sy neffens de sjuery ploechgenoat Maria Sterk fan Hallum optreaun hawwe soe.

Ek Maria Sterk waard troch dit ynsidint diskwalifisearre. Troch dit gedoch waard Mariska Huisman út Andyk winner fan de maraton. Maria Sterk bliuwt wol oan de lieding yn it algemien klassemint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)