Pink Floyd Project by Top 2000

It Pink Floyd Project, dat op freed 19 desimber in konsert jout yn in lúkse teatertinte yn Noardburgum, wurdt op dizze jûn selskip holden troch Leo Blokhuis en Matthijs_van_Nieuwkerk. Sy folgje foar it NPS-programma ´De Top 2000 telt af´ it projekt foar, mei en nei de tributeshow.
Dit bart foar de útstjoering op Aldjiersjûn, as Nederlân 3 hielendal yn it teken stiet fan de Top 2000. Pink_Floyd stiet mei trije nûmers yn de top 20 fan de megalist.