Ride sûnder rydbewiis

14 des 2008 - 15:29

De plysje hat yn de nacht nei snein op it terrein fan in skoalle oan de Rengersleane yn Ljouwert in iensidich ûngelok ôfhannele. In frou (18) út Drachten mocht fan de eigner fan in auto in lyts stikje ride op it parkearterrein fan de skoalle.

De frou hie gjin rydbewiis en hie gjin inkelde rydûnderfining. De frou ferlear de kontrôle oer de auto. Se ried trije pealtsjes en in lampepeal om. De auto kaam ta stilstân tsjin de muorre fan in skoalle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)