Oanholden foar fernieling

© Omrop Fryslân
In 19-jierrige ynwenner fan Dokkum is yn de nacht nei snein oanholden yn in wenning yn de stêd op fertinking fan fernieling. Tsjûgen hiene sjoen dat de man in rút fan in hoarekagelegenheid oan de Merk fernield hie.
De plysje waard warskôge en nei wat speurwurk koe de fertochte yn syn wenning oanholden wurde. Hy waard oerbrocht nei it plysjeburo en foar neier ûndersyk ynsletten.