Trije tsjerken Ljouwert ticht

14 des 2008 - 12:37

De protestantsk-kristlike mienskip yn Ljouwert slút trije tsjerken. It giet om de Iepen Hof, de Koepeltsjerke en de Adelaartsjerke. Dit foarnimmen is snein foarlêzen yn alle tsjerken fan de gemeente.

De algemiene tsjerkerie fan de PKN hat it beslút sneon naam omdat it tal leden hurd minder wurdt. De tsjerke-gebouwen binne te grut en te djoer om se allegear iepen te hâlden. By it sluten fan de tsjerken is benammen sjoen nei de lokaasje en it draachflak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)