Pynlik ferlies foar Aris
De basketballers fan Aris Friesland hawwe in pynlik ferlies oprûn tsjin Zorg en Zekerheid Leiden. Leiden stie lêste en komt troch de oerwinning tichterby de Ljouwerters.
Yn it earste kwart kaam Aris mei 14-9 foar. Nei it earste kwart waard it dochs 21-14 en dy foarsprong joech Leiden net mear wei. De perioadestânnen wiene 21-14, 32-26, 54-44 en 79-66. Aris bliuwt njoggende mei likefolle punten as nûmer acht Weert, mar Aris hat twa wedstriden mear spile.