Blessueres SC Cambuur falle ta

© Omrop Fryslân
De blessueres dy´t Cambuurspilers Nassir_Maachi en Dennis_van_der_Ree oprûnen yn de wedstriid tsjin Veendam lykje ta te fallen. Maachi foel út nei´t er in tik op ´e heupe krige. It gewricht is behoarlik kniisd, mar Maachi hopet takom wike freed tsjin Go Ahead Eagles wol te spyljen.
Dennis van der Ree gie nei de kant om´t er lêst krige fan ´e knibbel. Ferline jier is er dêroan opereard nei in skuorde krúsbân. Der is lykwols net opnij skea oan ´e knibbel.