Ruten graafmasine opblaasd
Yn De Blesse hawwe fandalen freedetejûn in graafmasine fernield. Ien fan 'e ruten waard opblaasd mei swier fjoerwurk. De kraan stie parkeard oan de Stienwikerwei.
De masine wie fan in 48-jierrige man út Skerpenseel. Dy hat oanjefte dien fan 'e fernielerij. De plysje hat de saak yn ûndersyk.