Baldadige jonges oppakt

13 des 2008 - 15:36

De plysje hat freedtejûn by it stasjon yn Feanwâlden fiif jonges út Bûtenpost oanholden foar fernielerij. De jongste wie 15 jier, twa wiene 16 en de oaren 17 en 19. In tsjûge hie sjoen dat de jonges in rút fernielden. Dêrnei stapten se yn de trein.

De fertochten stapten út op it stasjon fan Feanwâlden. Ek dêr hawwe se ferskate saken fernield. De plysje hat se doe oppakt. Ien fan ´e jonges hie te folle dronken en bedrige in plysje. De jonges sitte noch fêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)