Twamiljoenste Huismanbesiker

It Jopie_Huismanmuseum yn Warkum hat sneon de twamiljoenste besiker ferwolkomme. Dat wie de famylje Breuker út Ljouwert. Sy waarden fansels yn it sintsje set. Fan it museum krige de hiele húshâlding in lidmaatskip foar it libben en in reproduksje fan in selsportret fan Jopie Huisman.
It Jopie Huismanmuseum waard yn 1986 oprjochte. Sûnt 1992 sit it op it plak dêr't it no noch sit.