Enerzjyneutrale wenten populêr

13 des 2008 - 14:51

Enerzjyneutrale wenten wurde hieltyd populêrder, fernimt boubedriuw VDM yn Droegeham. Gas en stroom wurde al mar djoerder en dat is de reden dêrfoar.

VDM bout alle jierren hûndert enerzjyneutrale wenten yn Fryslân. Om op ´e fraach yn te spyljen, binne de huzen tsien prosint goedkeaper makke. In nije automatisearringsmetoade dy´t binnen- en bûtenmuorren fan huzen bout, makket dat mooglik. Fierders hat VDM de materiaal- en pleatsingskosten drukke kind nei ûnderhannelings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)