Brief nei Ryk oer gefolgen JFS

13 des 2008 - 13:25
  • Opfolger fan ´e F16 (hjir op ´e foto)  makket folle mear leven

Provinsje en omlizzende gemeenten hawwe in brânbrief stjoerd oan it Ryk oer de gefolgen fan de JSF nei Ljouwert. It nije gefjochtsfleantúch makket folle mear leven as foargonger F16 dy´t no yn gebrûk is. Yn doarpen lykas Marsum, Jelsum en Koarnjum moatte dêrtroch mooglik huzen ôfbrutsen wurde.

Deputearre Piet Adema wol dat steatssikretaris De Vries fan Definsje neitinkt oer de gefolgen fan ´e komst fan de Joint_Strike_Fighter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)