Sjoerd de Vries 10e yn Nagano

13 des 2008 - 10:46

Reedrider Sjoerd de Vries fan Twellingea is by de wrâldbekerwedstriden yn it Japanske Nagano tsiende wurden op de 1000 meter. De Vries ried 1.10,60. De Amerikaan Shani Davis wie de rapste: 1.09,21. Remco Olde Heuvel wie mei in sechsde plak yn 1.10.35 de bêste Nederlanner.

Thijsje Oenema fan De Jouwer waard yn de B-groep op de 500 meter sechsde yn 39,81.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)