SC Cambuur net foarby Veendam

Sportklub_Cambuur hat freedtejûn mei 2-2 lykspile tsjin BV Veendam. Lykas in wike earder tsjin Excelsior siet der mear yn foar de Ljouwerters. Benammen yn de earste helte wiene der goeie kânsen, mar allinnich Erik Wegh skoarde.
Nei it skoft brocht Ewald Koster de stân op 1-1. Ynfaller Juliana skeat Cambuur wer op foarsprong, mar fia Koster kaam de 2-2 einstân op it boerd. Omdat ek de konkurrinsje punten lizze liet, stiet Cambuur noch altyd fjirde.