Faassen nasjonaal kampioen

© Omrop Fryslân
It Fryske technyktalint Jos Faassen fan Kleaster Lidlum is freed yn Den Bosch de grutte winner wurden fan de nasjonale finale lânboumeganisaasje fan de VakkanjerWedstrijden 2008. By de priisútrikking waard ek bekend dat Ljouwert yn 2009 de Europeeske kampioenskippen lânboumeganisaasje organisearret.
De 22-jierrige Faassen wurket by Van Dijk Mechanisatie yn Sint Anne. Yn 4 dagen tiid moast Faassen ûnderhâld en reparaasjes útfiere oan lânboumasjines.