Sibon en Kalou wer fit

12 des 2008 - 18:06

Gerald_Sibon is fit foar de wedstriid fan sneon tsjin De_Graafschap. De Hearrenfeanspits miste Willem II troch in ankelblessuere. Ek Bonaventure_Kalou sit wer by de seleksje. Hy soe as it nedich is ynfalle kinne.

Tarik_Elyounoussi is der sneon net by. De Noar wie fan ´e wike siik en trainde freed noch net mei. Pranjic knapt goed op fan syn ankelblessuere, mar is der sneon ek net by. Lesly_Fellinga en Pawel_Wojchiechowski sille dit jier net mear yn aksje komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)