Arriva: oeral hohâlde op eilân

© Omrop Fryslân
Toeristen hoeve yn de takomst net mear nei in halte te rinnen as se op Flylân, Skylge of It Amelân mei de bus reizgje wolle. Ferfierder Arriva tinkt nei oer in systeem dat je ek tusken de haltes de bus oanhâlde kinne.
It moat in moderne fariant fan de wite flagge fan eartiids wurde. Yn de foarige ieu stutsen minsken in wite flagge op as de bus deroan kaam. De provinsje wiisde it busferfier op ´e trije eilannen freed ta oan Arriva.