Hieltyd mear krystmerken

Byld fan 'e krystmerk fan Easterein
Krystmerken en winterfairs lykje hieltyd populêrder te wurden. Dit wykein allinnich al wurde der yn Fryslân sa'n 25 krystfairs organisearre. Guon bestean al jierren, mar der komme hieltiten mear by.
De krystmerk yn de teatertún yn Riis bestiet al sûnt de jierren '90. Op it stuit is dizze merk de grutste fan Gaasterlân-Sleat. Sûnt ferline jier is der ek in krystmerk yn Easterein en op mear plakken giet it sa. De krystmerk liket in bliuwend ferskynsel.