Stânbyld Peije poater

12 des 2008 - 16:07
  • It byld fan Peije foar de restauraasje

It stânbyld fan Peije Rasp is fuort. It brûnzen byld fan it mantsje mei syn lûkharmoanika soe takom wike tiisdei nei in restauraasje fan moannen wer werom set wurde op syn sokkel yn it sintrum fan Drachten. It byld stie yn de gemeentlike wurkpleats.

Dêr die freed bliken dat it fuort wie en dêrfoar yn it plak stie in túnkabouter. De gemeente giet út fan in âldjiersstunt. De feestlikheden fan tiisdei geane wol troch. It doel is om muzyk te meitsjen op it plak fan Peije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)