Behâld banen by Douwe Egberts

It skrassen fan banen by Sara Lee, ûnder oare eigner fan merken as Douwe Egberts en Sanex, hat gjin gefolgen foar de festiging op 'e Jouwer. Dat seit fakbûn AbvaKabo/FNV.
Neffens it fakbûn ferdwine der yn Nederlân sechtjin banen by Sara Lee. It giet benammen om it laboratoarium yn Den Haach. Hjirby falle gjin twongen ûntslaggen. By festigings yn it bûtenlân ferdwine mei-inoar sa'n 700 banen.