Lisplakken Tiger wurde oanpast

12 des 2008 - 12:47

Rykswettersteat set nije wike op Flylân út ein mei it oanpassen fan de lisplakken foar de nije snelboat Tiger fan Doeksen. Der wurdt begûn mei it fersterkjen fan 'e boaiem.

Yn septimber kaam Rykswettersteat der achter dat de damwand by Harns fersakke troch de sterke motoren fan de Tiger. Hjirtroch waard in part fan it sân yn de damwand fuortblaasd. Rykswettersteat hat ûndersyk dien nei de swierrichheden en tinkt no in definitive oplossing fûn te hawwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)