VVD: minder winkeldieverij

12 des 2008 - 09:52

De VVD yn Ljouwert wol dat it tal winkelstellerij yn de stêd mei 30 persint werombrocht wurdt. De partij hat foar dit doel in plan makke dat freed presintearre is. Foar winkellju moat it makliker wurde om skea te ferheljen op winkeldieven.

In oar foarstel is om anty-rampeallen foar winkels del te setten. Ek soene minsken dy't faker as ien kear betrape wurde op dieverij in strjitferbod oplein krije moatte. Sûnt 2006 nimt de winkelkriminaliteit yn Ljouwert ta.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)