AD: Rabobank de bêste

Klanten fan de Rabobank binne it meast tefreden mei har bank. Dat docht bliken út in ûndersyk fan it Algemeen Dagblad. De Rabobank krijt fan syn klanten in 7,6. Op it twadde en tredde plak folgje de Postbank mei in 7,5 en de ABN AMRO mei in 6,9. Ek ûnder de minsken mei in sparrekken docht de Rabobank it goed. Hast ientredde fan de sparrekkens is ûnderbrocht by dy bank. Ek hjir stean de Postbank en de ABN AMRO op it twadde en tredde plak.