Gjin oplossing fernield hûs

12 des 2008 - 07:17

Der is noch hieltyd gjin oplossing foar it hûs yn oanbou, dat simmer 2007 slim skânsearre rekke troch in fallende kraan fan in bedriuw út De Lemmer. Dat meldt RTV Noord. De eigners fine dat har hûs yn de Grinslanner Blauwe Stad der sa min oan ta is dat it opnij boud wurde moat.

De fersekerder fan it Lemster bedriuw tinkt dat de wenning noch wol te werstellen is. Ek in ûnôfhinklik ûndersyk toant dat oan. De eigners geane dêr lykwols net mei akkoart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)