Tsjûgen ramkreak Snits socht

12 des 2008 - 07:09

De plysje siket tsjûgen fan in ramkreak, woansdeitenacht yn Snits. Doe waarden út in kleanwinkel ûnder oare in pear hûndert broeken stellen. Dêrby waard de gevel fan de winkel stikken riden mei in auto, dy't koart dêrfoar stellen wie.

De plysje tinkt dat de dieders de auto, in blauwe Ford Escort, mooglik yn Snits of omkriten achterlitten ha. Minsken dy't mear witte oer de auto, of oare ynformaasje ha, wurde frege kontakt op te nimmen mei de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)