Olof van der Meulen wer 'los'

11 des 2008 - 23:08
  • De ploech fan Omniworld

Folleybaltrainer Olof van der Meulen fan Snits kin wer oan it wurk by syn feriening Omniworld yn Almere. Dat jildt ek foar spiler en âld-Ljouwerter Erik Schuil. Ein novimber luts de haadsponsor - de Robert J. Reinders Group - him werom en frege it fallissemint fan Omniworld oan. De rjochtbank yn Amsterdam hat tongersdei bepaald dat dit net samar kin.

Snein begjint sadwaande de kompetysje wer yn Almere. De wedstriden dy't net spile binne, wurde ynhelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)