2 miljoen besikers museum

11 des 2008 - 20:01

It Jopie Huisman Museum yn Warkum ferwachtet kommende sneon syn twa miljoenste besiker yn de 22 jier dat it museum no bestiet. De soan fan Jopie, Pepy Huisman, sil de twa miljoenste besiker in kado oerlangje fan it museum. Dêrneist krijt de besiker in ferrassing.

Yn de hiele moanne desimber krijt ek elke tsiende besiker fan it museum in kadootsje. It museum waard yn 1986 oprjochte troch freonen fan Jopie Huisman.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)