Koga-Miyata sponsor KNWU

© Omrop Fryslân
Fytsefabrikant Koga-Miyata fan It Hearrenfean leveret yn elts gefal oant 2013 de fytsen foar de baanhurdfytsers fan de Koninklijke Nederlandsche Wielren Unie (KNWU). It giet om it fytsframe dat Koga-Miyata spesjaal ûntwikkele foar de Olympyske Spelen yn Bejing ôfrûne simmer.
De fytsefabrikant levere oant no ta ek al de frames foar de baanhurdfytsers. It wol it frame de kommende jierren noch fierder ûntwikkelje.