Sollied bliuwt by Hearrenfean

Trond Sollied: Ik bliuw by Hearrenfean (foto Martin de Jong)
Trainer Trond Sollied wol Hearrenfean net ferlitte om bûnscoach te wurden fan Noarwegen. Sollied seit noch net benadere te wêzen troch it Noarske bûn en op de Noarske televyzje hat hy oanjûn noch net klear te wêzen foar de funksje fan bûnscoach. Noarwegen is sa goed as útskeakele foar it WK yn 2010.
Sollied fynt in tsjinstferbân fan oardel jier jier te koart om as bûnscoach wat del te setten. By Hearrenfean hat Sollied noch in kontrakt fan oardel jier.