Hurd optreden mei âld en nij

Fernielers en ferfelende lju wude mei âld en nij fuort oppakt
Plegers fan swiere delikten by âld en Nij komme de sel net út foardat se harren straf krigen ha. Ek wurdt by geweld tsjin helpferliners in dûbele straf easke. It iepenbier ministearje, de plysje en de brânwacht makken tongersdei bekend hoe't se mei de jierwiksel optrede.
By snelrjocht wurde rêddraaiers oant 9 jannewaris fêsthâlden en berjochte. By simpele fernielings geane se net fuort foardat de hichte fan de boete bepaald is.