Nije bussen foar Q-buzz binnen

11 des 2008 - 16:17

De nije busferfierder yn Súdeast Fryslân, Q-Buzz, hat tongersdeitemiddei 26 nije bussen binnen krigen. Fan snein ôf sil Q-Buzz los mei it fersoargjen fan it busferfier. Uteinlik wurde der 57 nije bussen op 'e Fryske diken ynsetten.

Yn it ferline wie it busferfier yn it Súdeasten yn hannen fan Arriva. 145 sjauffeurs fan Arriva binne oernommen troch Q-Buzz en der binne 35 nijen oplaat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)