Stadionferbod Cambuurfans

11 des 2008 - 13:51

Cambuur jout trettjin supporters in libbenslang stadionferbod omdat se belutsen west hawwe by ûngeregeldheden yn Arnhem yn april. De trettjin woene nei de wedstriid MVV-Cambuur, mar waarden ûnderweis oanhâlden en weromstjoerd omdat dy wedstiid fan de KNVB sûnder publyk spile wurde moast. Underweis nei hûs rekken se belutsen by geweldplegings yn Arnhem.

Justysje hat Cambuur no trettjin nammen trochjûn en dy krije allegearre in stadionferbod foar it libben.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)