Strang âldjier yn Gaasterlân

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan Gaasterlân-Sleat meie dit jier gjin teksten mear op ruten en gebouwen kalkje. Dizze jierlikse tradysje, mar ek it karbidsjitten en it hâlden fan freugdefjoeren wurdt oan bannen lein. De gemeente hat hjir ôfspraken oer makke mei alle pleatslike belangen.
Ferline jier hie de gemeente in protte skea nei de jierwiksel. In goed idee foar in feest by de jierwiksel smyt in doarp tûzen euro op fan de gemeente.