Marc Mboua mei ferhierd wurde

© Omrop Fryslân
SC_Cambuur-oanfaller Marc_Mboua hat by de direksje oanjûn dat er nei de winterstop graach ferhierd wurde wol oan in oare klub. De Kameroener komt hast net oan spyljen ta yn Ljouwert. Cambuur-direkteur Alex Pama stiet iepen foar ferhier.
Dat jildt ek foar trije oare spilers. Jurrick Juliana, Chris de Wagt en Brandon Bonifacio meie útsjen nei in oare klub om ûnderfining op te dwaan en mear spyltiid te krijen. Ek sy komme by Cambuur net oan de bak.