Angoleesk gesin mei bliuwe

11 des 2008 - 12:42

In útprosedearre Angoleesk gesin út it AZC fan Dokkum krijt 4 wike langer ûnderdak. Om't it om in gesin mei jonge bern giet hat boargemaster Ton Baas fan Dongeradiel dit besletten.

De Angoleeske famylje Almeida wie akkoart gien mei in útsetting, mar twa wike lyn hawwe se besletten om dochs te bliuwen. Dêrom wie der no gjin plak mear foar harren. Se meie no noch 4 wiken bliuwe om har situaasje better te besjen. It gesin hopet dat der fan 1 jannewaris ôf in nije regeling komt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)