Been ûndernimmer fan it jier

11 des 2008 - 11:35

Truus Been fan PrePressMediaPartners yn Wolvegea is woansdei útroppen ta ûndernimmer fan it jier fan Weststellingwerf. De sjuery neamde de direkteur/eigner fan it grafysk bedriuw in goed foarbyld fan sosjaal ûndernimmen.

De sjuery bestie dit jier út Siem Jansen, direkteur fan de NOM, Remco Heite, âld-boargemaster fan Weststellingwerf en Rikus de Vries, âld-foarsitter fan de Commerciële Club Weststellingwerf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)