Vlietstra deputearre yn Drinte

11 des 2008 - 10:18
  • Jannie Vlietstra

De eardere PvdA-wethâlder fan Ljouwert, Janny Vlietstra, wurdt tydlik deputearre yn Drinte. Vlietstra ferfangt de sike Huub Looman. Se nimt syn folsleine portefeuille oer.

Vlietstra wie wethâlder yn Ljouwert fan 1982 oant 1995. Dêrnei waard se boargemaster fan Winschoten. Se is no 14 jier boargemaster fan dy gemeente. De 60-jierrige Vlietstra begjint yn febrewaris 2009 mei har wurk yn Drinte. De steaten fan Drinte moatte har beneaming noch wol goedkarre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)