Hûndert broeken bút yn Snits

11 des 2008 - 09:51

Unbekenden hawwe fannacht in pear hûndert broeken stellen út in winkel yn Snits. De dieders koene der ynkomme troch de foargevel mei in auto te rammen. Neist de broeken waarden ek noch in stel truien meinaam.

Nei oanlieding fan in omskriuwing fan in tsjûge hat de plysje yn de omkriten fan de winkel noch nei de auto socht, mar dy waard net fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)