Twa Huzumer tsjerken ticht

De doarpstsjerke fan Huzum bliuwt wol yn gebrûk
De Huzumer protestantske tsjerken De Oase en Pniël geane ticht. De âlde Huzumer doarpstsjerke en de Kuriostsjerke bliuwe beskikber foar de 2300 leden. De tsjerkeried moat besunigje omdat der hieltyd minder leden binne. De leden meie har nije wike woansdei útsprekke oer it beslút.
De protestantske tsjerken yn Ljouwert moatte ek tsjerken slute. In fúzje liket logysk, mar dat leit sa gefoelich dat der noch net iens oer sprutsen wurdt.