CDA: 'jild foar Fryske havens'

10 des 2008 - 20:46

De Kalk- en Zwettehaven yn Ljouwert en de binnenhaven fan Koatstertille moatte dochs mei jild fan it Ryk opknapt wurde. Dat fynt it CDA yn de Twadde Keamer. By de earste opknapregeling foar lytse binnenhavens foelen dizze trije bûten de boat, omdat der tefolle oanfragen wiene.

It CDA fynt dat der dêrom ekstra jild frijmakke wurde moat. Foar de trije havens soe dat gean om in subsydzje fan 220 tûzen euro. Lanlik giet it om in bedrach fan 30 miljoen euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)