Pranjic traint al wer mei

10 des 2008 - 19:28

Middenfjilder Danijel Pranjic fan SC Hearrenfean knapt rap op fan syn blessuere. De ferwachting is dat hy foar de krystdagen wer spylje kin. De Kroaat ferswikte syn ankel op 4 desimber yn de wedstriid tsjin Sporting Braga.

De ferwachting wie dat Pranjic dit jier net mear spylje soe, mar woansdei trainde hy al wer mei. Earder dit seizoen hie Pranjic lêst fan syn hamstring en stie hy ek folle earder as ferwachte op it fjild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)